Uitgevers | Friese Pers Boekerij, Friese Pers/Noordboek |
Uitgavejaar | 2010 |
ISBN13 | 9789033009129 |
Taal | Nederlands |
Type | Paperback |
Eabele Keuning en Jan Binnes hawwe as skoaljonges al grut skeel mei-inoar. Ienris folwoeksen komme de manlju inoar wer tsjin yn de foarfallen dy’t liede ta it Kollumer Oproer fan 1797, no as politike tsjinstanners.
Foar de patriot Eabele Keuning krijt it oproer in dramatyske kear. Jan Binnes en syn oranjegesinde maten – ûnder oaren Salomon Levy - ferlieze letterlik de holle op it skavot.
Rommert Tjeerdsma jout yn Reboelje yn Kollumerlân yn prachtich geef Frysk in meinimmend byld fan it deistich libben yn de Frânske tiid.
Syn eardere roman Frij as de wyn, oer it hûngerjier 1847, waard troch de krityk goed ûntfongen.